
10.05.2012
Frysk Sjongers Gala!
Freed 16 novimber o.s. sil yn it Frysk Kongres Sintrum yn Drachten foar it earst it 'Frysk Sjongers Gala' holden wurde. Dizze jûn is in mienskiplik inisjatyf fan Anneke Douma, Gurbe Douwstra, Griet Wiersma en Piter Wilkens. De jonge generaasje wurdt fertsjintwurdige troch Gerbrich van Dekken en Marcel Smit. De artysten wurde live begelieden troch in kombo under lieding fan Peter van der Zwaag. Meiinoar sil der in jûnfoljende show brocht wurde fan Fryske en streekfrysktalige lietsjes. Alle artysten trede solo op, mar ek meiinoar yn duetten, trio’s, kwartetten en wat mar mear betocht wurde kin.
snein 13 maaie 2012 | 16.00
Sybrandyhûs - Kleasterkapel
Gurbe en Freonen op de seizoensôfslúting saterdei 23 juny 2012 | 20.00
Oostmahorn - De Vlinderbalg
Mei Gurbe en Gerbrich te farren op 'e Lauwersmar saterdei 23 augustus 2012 |
Eastermar - Sintrum
Gurbe en Gerbrich en Gerbrich solo op it Easterbarren
folsleine aginda >>

